Toanielútfierings fan ‘Chez Cherard’ op 23 en 24 oktober geane net troch
Bêste minsken, Toanielútfierings fan ‘Chez Cherard’ op 23 en 24 oktober geane net troch Yn maart fan dit jier koene ús útfierings fan “Chez Cherard” fanwegen de corona net trochgean. Wy moasten de foarstellingen op 13 en 14 maart op it lêste momint ôfblaze.
Yn de Tynjeboade fan juny fan dit jier diene wy de oankundiging dat wy de útfierings fan “Chez Cherard” trochskoot hiene nei freed 23 en sneon 24 oktober. De ploech hat yn de tuskentiid syn bêst dien om de tekst te ûnderhâlden en der stiene ek wer wat repetysjes plant om alles wer efkes troch te rinnen.
Trochdat it Coronavirus ús noch hieltyd yn de macht hat, hawwe wy as feriening spitigernôch beslute moatten om de útfierings fan “Chez Cherard” ek yn oktober net troch gean te litten. Wy binne ta it boppesteande beslút kaam omdat der fanwegen de corona te folle ûnsekerheden binne, wêr’t wy allegearre mei te meitsjen ha. Wy freegje begryp foar ús beslút. Wy realisearje ús dat ús beslút in teloarstelling is foar ús taskôgers, wêrûnder ús stipers. Mar ek foar de spilers is it spitich. Sy hiene it stik ‘Chez Cherard” graach foar it fuotljocht bringe wollen. Mar it is net oars. Wy hoopje dat der gau bettere tiden komme.
Wolkom op de webside fan Toanielferiening Rjucht & Sljucht De Tynje
Rjucht en Sljucht is in amateur toanielferiening, oprjochte yn 1872 en dêrmei ien fan de âldste toanielferienings fan Fryslân. Yn 2022 sil it hûndertfyftich jierrich jubileum dan ek wiidweidich de oandacht krije. Rjucht en Sljucht hat twa kear yn it winterskoft in útfiering, te witten yn de moanne desimber en yn de moanne maart. Plak fan útfiering is al fan âlds Kafee Restaurant Overwijk op ’e Tynje.