Chez Cherard maart 2020 Spilers: Rinze Hof, Renko Hof, Froucke van Gosliga, Gerda Geerts en Klaske Lageveen. Regy Anja Steegstra. Ynstekster: Anja Dijksma. Fotografie Berend Drent.
Gouwe Ouwe desimber 2019
Gouwe Ouwe desimber 2019. Spilers: Klaas-Jan v/d Krieke, Alie Hof, Trudy Wiersma en Corine van Houten. Regy Rinze Hof. Ynstekster Wiesje de Boer Veenstra. Fotografie Berend Drent.
Trije totaal ferskillende froulju mei ien oerienkomst: se wurkje by in fastfood restaurant wylst se op leeftiid binne. Dogge se dat foar de gesellichheid, om by de tiid te bliuwen of is hjir hiel wat oars oan ’e hân? En wêrom wurdt it filiaal dêr’t se wurkje sa populêr?
Is dit troch dat Antsje mei har spirituele jefte foar een bysundere sfear soarget? Of is it iten, troch Coby klear makke, it geheim? It soe samar kinne dat Beatrijs haar charme en har jild yn it bûtenlân dermei te krijen hat? As manager hat Bastiaan de hannen fol oan dizze dames.
Gouwe Ouwe is in komeedzje mei in serieuze knypeag oer de posysje fan âlderen yn ús maatskippij en it grize plafond.
Boeing Boeing maart 2019
Boeing Boeing maart 2019. Spilers: Tymo Reinsma, Renko Hof, Marlanka Zuur, Berber van der Veer, Marit Reinsma en Corine van Houten. Regy Rinze Hof. Ynstekster Janke Tiekstra. Fotografie Berend Drent.
Boeing Boeing. Frijfeint Paul, in suksesfolle architekt dy’t in appartemint yn Amsterdam bewennet, hat kontakten op Schiphol mei de tsjinstroaster-ôfdieling fan it fleanfjild.Boppedat hat er in relaasje mei trije stewardessen. It hjit dat er mei elk fan harren trouwe sil mar dat is fansels sa net. Mei help fan de faam Corry hat net ien yn de gaten dat se bedondere wurde. Yn it stik komt syn freon Bob de Vries by him op besite en dy heart nuver op as Paul him fertelt fan syn yntime relaasjes mei trije froulju. Bob fernuveret him der oer dat it noait in kear misrint en de iene fan de oare weet kriget. Mar Paul seit dat it net misrinne kin, want by feroaringen yn ’e tsjinstregeling wurdt er warskôge troch syn kunde op it fleanfjild. Dat, it liket Bob dan ek net iens sa gek ta.
Lit it no krekt as Bob dêr útfanhûzet folslein yn ’t hûndert rinne. Claire, de Frânske stewardess, skillet dat se komt, as Shirly, de Amerikaanske, noch net fuort is. En as se dat probleem mei alle keunstgrepen lykje oplost te hawwen, dan komt Helga, dy’t by in Dútske maatskippij arbeidet, ek noch fanwegen. Mei har trijen, Paul, Bob en Corry de faam, besykje se it wetter bûten de klompen te kearen.
It seit himsels dat ien en oar de gekste sitewaasjes mei him meibringt.
De comeback fan de SunshineBoys desimber 2018
De comeback fan de Sunshine Boysdesimber 2018. Spilers Rinze Hof, Jeen Wouda, Andries Idzerda, Gerda van der Veer - Dam, Eppie Oosterbaan. Regy Elske Roorda. Ynstekker Eppie Oosterbaan. Fotografie Berend Drent
“ De come-back fan de Sunshine Boys” Willie en Louis wienen ea de allergrutste nammen as men it hie oer it varietè. No, alve jier letter sille de beide mannen noch ien kear tegearre it toaniel op foar in grutte tillevysjeshow. It grutte probleem is dat beide hearen mei rûzje út mekoar gien binne en mekoar al dy tyd net mear moette as sprutsen ha. De omkesizzer fan Willie, dy’t him sa goed en sa kwea as it giet, fersoarget, besiket de manlju wer by elkoar te krijen. Maklik is dat abslút net want Willie syn wrok sit djip as hy it oer syn teaterpartner hat. De omkesizzer hat de hannen der dan ek mear as fol oan, want hoe krij je soks yn goede harmony foar elkoar. It stik is skerp mar ek oandwaanlik.Twa manlju dy’t âlder wurde, en werom sjogge op harren libben. In hearlike komeedzje wêr plak is foar in protte wille, mar ek giet oer iensumens, sykte, ôftakeling en freonskip. Neil Simon skreaun “De come-back fan de Sunshine Boys” yn 1972 en dêrmei sille ek wy werom yn de tyd. Yn juni binne wy útein setten mei de repetysjes en ha hurd wurke om dit stik op de planken te krijen. De ploech is goed oan mekoar weage en soks jout ek yn in repetysjeproses al bulten wille. Mei út namme fan alle spilers winskje ik jimme in hiele noflike jûn ta mei in protte wille.
Gjin jun itselfde maart 2018
Gjin jun itselfde maart 2018. Spilers: Andries Idzerda, Renko Hof, Chantal Sinnema, Trudy Wiersma. Regy Tineke Nicolai. Ynstekker Eppie Oosterbaan.
Fotografie Berend Drent
Paul en Sonja hawwe Norbert en Inez útnoege om by harren te iten. De mannen binne astrofysisy en wurkje oan itselde wittenskiplike ynstitút. Foar Paul hinget der in protte fan ôf hoe as dizze jûn ferrinne sil. Hy hopet dat syn kollega him helpe kin mei in promoasje, mar ... dan stean de gasten ynienen in jûn te betiid op ’e stoepe. En wat no..., no’t der allinne mar wat droege koekjes en in stikje tsiis yn ’e hûs binne? Dat harren jonkje mar net sliepe wol en oars net docht as seure om wat iten, makket it der net folle better op.
Wylde Havana desimber 2017
Wylde Havana desimber 2017. Spilers: Klaske Lageveen, Joep Meijer, Rinze Hof, Gerda van der Veer, Reina Gerlofsma, Anneke van den Akker. Regy Anneke van den Akker. Ynstekster Janke Tiekstra.
De tragikomeedzje ‘Wylde Havana’ is skreaun troch Peter Leenders en yn it Frysk oerset troch Alle Geart Hof. Yn dizze tragikomeedzje wikselje moaie dramatyske en komysk-hilaryske sênes harren yn heech tempo ôf. De wize wêrop de minsken yn dit stik mei harren emoasjes omgean sil jim faaks fernúverje. De ûnderlinge ferhâldings binne net geweldich. Elts beslút komt dreech ta stân. En wat is dat mei die reade balpen en de klok? Stadichoan komt foar’t ljocht wêrom dizze famylje sa út ’e foegen skuord is.Wêr komst wei, wêr stie dyn widze, hoe bist opbrocht, wat hast meimakke? Alles hat ynfloed op dyn relaasjes en hoe ast yn ’t libben stiest. Sjoch sels mar en lit jim ferrasse en reitsje troch dit, faaks foar in soad minsken werkenber, stik.
Leave Minsken maart 2017
Leave Minsken maart 2017. Spilers: Jeen Wouda, Janny Huver - Idzerda, Tymo Reinsma, Rinze Hof, Chantal Sinnema. Regy Anneke van den Akker. Ynstekker Eppie Oosterbaan.
Dit stik fan Maria Goos hat in televyzje searje west en is oerset en oanpast foar toaniel troch Tryntsje van der Zee. It stik giet oer twa dakleazen. Dree, al in heal jier fan de drank ôf en Ietsje, in ex-heroïne ferslaafde. Fia in resosjalisaasje projekt ha se in flat tawiisd krigen. Se wolle harren bêst dwaan om sa’n normaal mooglik libben te krijen. Mar as dat slagget? It binne minsken dêr’t wy ús leaver net mei identifisearje mar wêr’t wy wol nijsgjirrich nei binne en hoopje dat dy wrâld net uzes wurdt.
Amateurs desimber 2016
Amateurs desimber 2016. Spilers: Renko Hof, Andries Idzerda, Reina Gerlofsma, Marit Reinsma, Joep Meijer, Trudy Wiersma, Laura Oosterloo. Regy Wiesje Jansma - de Vries. Ynstekster Siepie Dam - Oosterbaan.
Fotografie Berend Drent
De komeedzje ‘Amateurs’ is skreaun troch Wannie de Wijn en yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra. De toanielploech “Sân” mei har nije stik opfiere yn in folle gruttere seal as se wend binne. En omdat se goed foar it ljocht komme wolle, ha se in profesjonele regisseur frege: Albert Bos. Foar it earst repetearje se op it poadium! Mar de senuwen slane ta: noch mar in pear repetysjes; de tekst sit der by guon noch lang net yn; kostúms binne net klear en it dekôr moat men noch mei begjinne.... Joop, de toanielmaster is te let, en hoe wurket it hjir eins allegear? Ek de eardere regisseur hat sa syn problemen. En is it wol sa'n moai stik? Allegear fragen dêr’t noch in antwurd op komme moat. Mar ja, de show must go on!, of .... ‘Amateurs’ is in prachtich hilarysk toanielstik dêr't jo in ûnferjitlike jûn oan belibje!
Mosken en Swannen maart 2016
Mosken en Swannen maart 2016. Spilers: Laura Oosterloo, Jeen Wouda, Chantal Sinnema, Renko Hof. Regy Tineke Nicolai. Ynstekker Eppie Oosterbaan.
video mei tank oan Hans van der Linden.
It blijspul ‘Mosken en Swannen’ is skreaun troch Haye van der Heyden en yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. Mosken bliuwe mekoar kollektyf trou. Se dogge it allinnich mei oare mosken. Swannen binne idel en bliuwe harren hiele libbe trou oan inoar. Wy minsken meitsje in kar: Bliuwe wy by ien partner? Of fladderje wy rûn? Twa stellen moetsje elkoar op in wat dizenich feestje. Korine en Rick libje sûnder soargen en hawwe in iepen houlik. Se ha der foar keazen om iepen kaart te spyljen oer harren eskapades. Aram en Esther lykje yn alles in tsjinpoal te wêzen ta it oare stel: folle swiermoediger fan aard libje se tegearre mei de bedoeling om elkoar te beskermjen en elkoar foaral gjin fertriet te dwaan. Mar dan docht bliken dat der ek yn in iepen houlik jaloerskens libbet. Mosken en Swannen is in blijspul mei in protte humor.
Troch de buorren desimber 2015
video mei tank oan Hans van der Linden.
Op twa fronten wurdt der op dit stuit fûleindich rippeteard foar de foarstelling ‘Troch de buorren’, de foarstelling dy’t de muzykferiening De Bazuin en toanielferiening Rjucht en Sljucht op 11 en 12 desimber (de jûns) en op 13 desimber (de middeis) opfiere sille yn de tsjerke oan de Rolbrêgedyk. Op moandeis en tongersdeis rippeteare spilers fan Rjucht en Sljucht yn kafee Overwijk ûnder lieding fan Jan Smit. De 17 spilers binne drok dwaande om harren rolfiguer eigen te meisjen om se aansens goed foar it fuotljocht bringe te kinnen. Op tiisdeis binne de leden fan De Bazuin ûnder lieding fan Guus Pieksma drok oan it rippetearen yn doarpshûs De Trekkerstinte. De muzyk foarmet in grut ûnderdiel fan ‘Troch de buorren’. Jan en Guus steane foar de útdaagjende taak dat beide ûnderdielen (toaniel en muzyk) ta ien gehiel smeid wurde. Fan novimber ôf wurdt der dan ek mei inoar rippeteard. De spilers en muzikanten binne op dit stuit mei nocht dwaande mei ‘Troch de buorren’. It úteinlike resultaat kin yn desimber besjoen wurde.
Och heden heit maart 2015
Och heden heit maart 2015. Spilers: Renko Hof, Tjitske de Vries, Klaske Lageveen, Joeke Meijer, Alie Hof, Eppie Oosterbaan en Henk Bosma. De rezjy is fan Tineke Nicolai út Donkerbroek. Ynstekster is Janke Tiekstra.
Taksysjauffeur Jeroen Smit hat in dûbellibben. Hy wennet yn Huzum en is troud mei Hanne. Dêrby hat er in dochter, Elkje. By Barbara dy't yn Ljouwert wennet hat er in soan, Gert. Alles is ûnder kontrôle oant Gert en Elkje mei-inoar yn 'e kunde besykje te kommen. Sa hawwe oant "chatten" west op ynternet en binne entûsjast oer de selde namme-, deselde âldens fan harren heit en dêrom wolle se elkoar perfoarst moetsje. Jeroen docht der alles oan om dat foar te kommen, mar hy rêdt it net sûnder help fan hierder Piter. Piter hiert it appartemint boppe harren en is hast bern oan hûs by de Smitten yn Huzum. Se reitsje beide fertize yn harren leagens en bedroch. Piter besiket fan alles om Jeroen út de niten te heljen. It stik ´Och heden heit´ is in stik dêr´t bot om lake wurde kin.
Tink oan my desimber 2014
Tink oan my desimber 2014. Spilers: Henny Drijver, Trudy Wiersma-Bok, Saapke Osinga en Reina Gerlofsma. Rezjy Anneke v/d Akker út Oerterp en ynstekster Jikke Bangma-Wouda.
Yn ‘Tink oan my’ moetsje de 4 froulju elkoar yn in fakânsjehúske yn de Provence yn Súd Frankryk. Wat bringt harren eins yn dat waarme Súd- Frankryk by elkoar en wêrom…..? Mar ja, wat dogge jo as jo útnoege wurde troch jo eks? Nammerste mear as jo noch wol wat te besljochtsjen hawwe mei die eks!! En….wat dogge jo as blykt dat der mear eksen fan de eks útnoege binne!!!!???? ‘Tink oan my’ giet oer fjouwer froulju elts mei harren eigen libben, mar deselde eks. Yntriges, teloarstellings en katastrofes hawwe harren makke ta wa’t se binne.
Twa maart 2014
Twa maart 2014. Spilers: Jeen Wouda, Aly Bosma, Nynke Dam, Willem Dotinga, Henny Drijver, Henk Bosma, Reina Gerlofsma, Hendrik van der Krieke, Iris Overwijk, Arjen van der Krieke, Eppie Oosterbaan, Alie Hof, Klaske Lageveen en Thomas de Vos. Janke Tiekstra is ynstekster. Regzy Wiesje Jansma - de Vries.
It stik ‘TWA’ spilet yn in doarpskafee earne op it Fryske plattelân. Ornaris is it in rêstich kafee mei gemiddeld sa'n seis, sân klanten. Drokte is der mei de jierlikse toanieljûn en fansels mei de merkedagen. Freed- en sneontejûn wurdt der oanstutsen troch de jongerein, dy't nei tsienen syn heil fierderop siket. Mar der binne ek jûnen dat de doar om healwei tsienen op slot giet. It is dizze jûn lykwols ûnferwachts tige drok. It rint de kastlein en it kastleinske Klaas en Jantsje van der Zee-Sikkema suver wat oer de fûst. De foarstelling ‘TWA’ is yn mear dan ien ding bysûnder. Earstens omdat it stik him ôfspilet yn in kafee. En yn it twadde plak omdat it stik regissearre wurdt troch Wiesje Jansma-de Vries, dy’t hikke en tein is yn kafee Overwijk op ’e Tynje. Wat wolle jo noch mear. In stik regissearje dat him ôfspilet yn in kafee en dat spylje yn in kafee dêr’t jo eartiids sels berne binne en jierrenlang wenne ha.
Yn de Gloariadesimber 2013
Yn de Gloaria desimber 2013. Spilers: Klara Dam-de Vries, Trudy Wiersma-Bok, Jannie Huver-Idzerda, Joeke Meijer en Andries Idzerda, De rezjy is yn hannen fan Grietje Kleefstra út Aldeboarn. Ynstekster is Jikke Bangma-Wouda.