Toanielstik maart 2024 Ein 2023 binne de rippetysjes úteinset foar it stik ”B&B mei trammelant” dat wy op freed 15 en sneon 16 maart 2024 opfiere sille yn de seal fan kafee Overwijk. De generale is op 13 maart. It is in komeedzje skreaun troch Aris Bremer en yn it Frysk oerset troch Betty Schilstra. De rezjy is yn hannen fan (âld Tynster) Björn Sinnema. D’r dogge 5 spilers oan mei: 3 froulju, Reina Gerlofsma, Jannie Idzerda en Iris Overwijk en 2 manlju, Joeke Meijer en Andries Idzerda. Ynstekster is Lien Vaartjes